Fertrouwen is rêding út krisis

Werstel fan fertrouwen is op 't heden it belangrykste wapen yn 'e striid tsjin it tanimmend tal falliseminten yn Fryslân. Dêr binne wurkjouwers en fakbûnen it mei-inoar oer iens. Ut sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk docht bliken dat it tal falliseminten oer it earste healjier fan dit jier 60 persint heger leit yn fergelyk mei deselde perioade ferline jier.
Op dit stuit is der by bedriuwen en konsuminten in soad ûnsekerheid. Dêrom doar gjinien sinten út te jaan.
Fryslân sit kwa taname fan it tal falliseminten fier boppe it lanlik trochsneedsifer. Allinnich yn Gelderlân is it noch mâler gien.