Blombakken fan junk kocht
In 39-jierrige man út Frjentsjer is moandeitenacht op 'e Fryskestrjitwei yn 'e stêd Grins oanhâlden. Plysjes seagen him fytsen mei twa blombakken mei de planten der noch yn. De man sei dat er se foar in lyts bedrach fan in drugsferslaafde kocht hie.
De Frjentsjerter is oanhâlden foar it keapjen fan stellen guod. De plysje siket noch út wêr't de blombakken weikomme.