Amelân: hoarekaferskaat nedich

14 aug 2012 - 11:22

Der moat allinnich romte wêze foar nije hoareka op It Amelân as dy wat taheakket oan it besteande oanbod of as besteande bedriuwen ophâlde. Dat fine B en W fan it eilân. Mear fan itselde is net winslik. Neffens wethâlder Bakema hat it stânpunt neat te krijen mei mooglike oerlêst. Besteande terrassen meie sels útwreidzje. Der kin ek noch wol mear saneamde ûndergeskikte hoareka bykomme, bygelyks in kofjehoekje yn in supermerk.

De gemeenteried nimt oer twa wike in beslút oer de takomst fan de hoareka op it eilân.

Takom moandei praat de riedskommisje oer de saak. Foar de ûndergeskikte hoareka moatte de ûndernimmers in spesjale proseduere trochrinne.

(advertinsje)