Lanlik wenje by Dokkum

08 des 2011 - 10:40

It kolleezje fan b. en w. yn de gemeente Dongeradiel ûndersiket it lanlik wenjen yn de Geastmer Mar, oan de súdeastkant fan Dokkum. De gemeente tinkt dat in foarm fan 'landgoedwonen' it gebiet in mear iepenbier karakter jaan kin. Dêrtroch komt der ek mear romte foar inisjativen op it mêd fan rekreaasje.

De gemeente sil mei grûneigeners en provinsje besykje in plan te meitsjen. Dan wurdt ek sjoen nei de mooglikheid om de poldermûne de Mearmin te ferpleatsen en te restaurearjen. It bestimmingsplan moat foar dizze plannen wol oanpast wurde.

Trefwurden: 
landgoedwonen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)