'Eenhoorn' swier yn problemen

08 des 2011 - 10:16

Radio Eenhoorn, de Lokale Omrop fan Menameradiel, It Bilt en Frjentsjerteradiel hat grutte finansjele problemen. Op jierbasis is der in tekoart fan 8000 euro. De problemen binne ûntstien trochdat de gemeente in part fan de subsydzje ynlûkt. De kosten fan in sike berôpskreft drukke ek swier op de stjoerder.

Boppedat moat Eenhoorn meikoarten hier betelje foar de studio. Oant no ta sieten se dêr fergees. Oan de ynkomstekant is it innen fan de bydragen fan de 1500 donateurs wat lizzen bleaun. Radio Eenhoorn siket no nije donateurs en sponsoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)