Utstalling oer pronkriden

07 des 2011 - 16:30

De lanlike feriening fan pronkriders bestiet 65 jier. Dat is woansdei fierd yn Hylpen. Dat gebeurde mei de iepening fan in spesjale útstalling yn it reedrydmuseum. Ek is in boek presintearre oer Evert Lautenbach. Hy wie sân kear Nederlânsk kampioen pronkriden. De feriening hat noch 250 leden, benammen 65-plussers.

(advertinsje)