Doeksen fart tongersdei letter

Rederij Doeksen past ek tongersdei de ôfreistiden fan de fearboaten nei Skylge oan. Dat wurdt dien yn ferbân mei it minne waar en it hege wetter. De boaten farre letter as gewoanwei. Reizgers moatte de webside fan de rederij yn de gaten hâlde. Passazjiers dy't al boekt ha, krije berjocht fan Doeksen. De sneltsjinst nei Skylge fart tongersdei wol neffens skema. Woansdei farre der minder boaten nei Flylân en Skylge. De boaten dy't komme te ferfallen binne dy fan healwei seizen nei Flylân, de boat fan Skylge nei Flylân fan healwei sânen en de boat fan Flylân nei Harns fan sân oere.