CDA leit bom ûnder KH 2018

07 des 2011 - 15:02

It CDA yn provinsjale steaten leit in bom ûnder de Kulturele Haadstêd 2018. De fraksje bliuwt derby dat de provinsje pas yn maart 2012 in beslút nimme kin oer it jaan fan twa kear 1,2 miljoen euro oan de kandidaatstelling fan Ljouwert. Dêrmei liket in grut probleem te ûntstean, want deputearre De Vries sei woansdei by de diskusje yn de kommisje dat de steaten perfoarst 21 desimber in beslút oer it jaan fan de miljoenesubsydzje nimme moat. Oars kinne Fryslân en dus ek lûker Ljouwert wol ophâlde mei de kandidatuer. It CDA bliuwt by har stânpunt.

Ek kolleezjepartij FNP wrakselet noch mei it jaan fan twa kear 1,2 miljoen euro yn desimber foar de Kulturele Haadstêd 2018. Foar de FNP is wichtich dat der op dit stuit noch net foldien wurdt oan in tal betingsten út in amendemint fan ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)