Legere priis foar kraanwetter

© Omrop Fryslân
Vitens wol de priis fan liedingwetter de kommende jierren mei rûchwei 25 persint ferleegje. Dat kin om't de Twadde Keamer koartlyn besletten hat om de grûnwetterbelesting en de belesting op liedingwetter ôf te skaffen. Vitens wol dat klanten der fan profitearje. It ôfskaffen fan de belestingen skeelt Vitens sa'n 110 miljoen euro. De ferwachting is dat de priis fan wetter mei yngong fan 1 jannewaris mei 15 persint omleech giet en in jier letter nochris mei 12 persint.
Foar in trochsneed hûshâlden giet it om sa'n 30 euro yn it jier.