Noed oer langer gaswinning NAM

07 des 2011 - 11:16

De NAM wol de gaswinning ûnder it Waad de kommende 14 jier ferdûbelje, om't it mei de grûndelgong bot ta liket te fallen. Neffens de NAM sit der mear gas ûnder de Waadsee as tocht. De ûnôfhinklike yngenieur en âld-NAM-meiwurker, Adriaan Houtenbos út Haren, makket him grutte soargen. Neffens him is it altyd sa dat de grûndelgong earst tafalt. Pas letter sakket de grûn en dat giet ek troch as de gaskraan tichtdraaid wurdt. Houtenbos hopet dat der beswieren yntsjinne wurde by it ministearje fan ekonomyske saken. Dy moat de oanfraach fan de NAM beoardielje.

Houtenbos presintearret syn befinings 9 desimber by in wittenskiplike diskusje fan de Waadakademy. Dy wurdt hâlden op It Amelân.

Trefwurden: 
Waadsee NAM gaswinning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)