Duo tankt sûnder te beteljen

07 des 2011 - 10:11

Twa Burgumers (22 en 24) ha tiisdei net betelle foar har tank benzine. De twa hiene tankt by in pompstasjon oan de Wâldwei. De pompmeiwurker seach har dêrnei hurd fuortriden. De plysje sette de achterfolging yn en seach it duo riden op de Damsingel yn Burgum. Dêr binne se oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. De âldste hie noch in boete iepenstean fan in pear hûndert euro. Nei't er dy betelle hie, mochten de twa nei hûs.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)