Brân yn sloopskoalle B'sweach

© Martijn de Vries, hvnieuws.nl
Yn Beetstersweach is tiisdeitejûn de âlde lânbouskoalle útbaarnd. De skoalle soe al sloopt wurde. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar letter die bliken dat it dak noch baarnde. De sloopoannimmer hat it dak fuorthelle, sadat de brânwacht it fjoer útmeitsje koe. Dêrby is ek in muorre omhelle. It part dat nei de brân noch oerein stie, wurdt letter sloopt. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.