Jild by skea leger wetterpeil

07 des 2011 - 09:52

Der komt in regeling foar eigners fan huzen mei in houten fundearring dy't yn 'e problemen komme troch in leger wetterpeil yn feangreidegebiet. Troch dy ferleging komt de fundearring boppe wetter te lizzen en dêr kin dat hout net oer. De boel fersakket en reparaasje kostet in soad jild. De oerheid seit net oanspraaklik te wêzen. Nei in PvdA-moasje yn de steaten komt de provinsje mei in regeling. Húseigners kinne tsjin in lege rinte jild liene om de fundearring op te knappen.

Betingst is dat de hûseigner al foar 1992 de eigner fan it hûs wie en de WOZ-wearde mei net mear as hast 237.000 euro wêze. Nei alle gedachten kinne tusken de twa- en trijehûndert húseigners gebrûk meitsje fan de regeling.

De belangeferiening fynt dat de eigners fan huzen mei pealrot yn de houten fundearring net goed genôch holpen wurde mei de nije regeling. De belangeferiening wol dat tritich prosint fan de skea fergoede wurdt. Ek moatte mear minsken gebrûk meitsje kinne fan sa'n regeling.

Trefwurden: 
wetterpeil
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)