Krityk op Kulturele Haadstêd

07 des 2011 - 06:42

Provinsjale steaten prate woansdei yn de kommisje oer de kandidaatstelling fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd yn 2018. Neffens Jan Veninga fan buro Klei hat de kandidaatstelling alles mei polityk te krijen en net iens safolle mei kultuer. Dat buro wie hielendal yn it begjin belutsen by de kandidatuer, mar luts him werom. Tefolle kapteins op ien skip, te min omtinken foar kultuer en tefolle polityk gedoch wiene de wichtichste redenen dêrfoar.

Keunstner Gerrit Breteler is ek tsjin. Hy wie moandeitejûn frege de brief te ûndertekenjen dy't foarstanners fan de Kulturele Haadstêd pleatst hawwe yn de Fryske kranten. Hy hat dat wegere, om't er fynt dat Ljouwert gjin kulturele haadstêd wurde kin. Dêrfoar wurdt der tefolle yn de kulturele sektor troch de gemeente sels skrast. Omrop Fryslân hat fan meardere boarnen heard dat ferantwurdlik deputearre Jannewietske de Vries ferline jier yn in gearkomste mei de PvdA-steatefraksje sein hat dat der in probleem wêze soe as de fraksje net foar it plan stimme soe. De boarnen fetten dat op as soe de deputearre mooglik opstappe as de stipe der net komme soe. Deputearre Jannewietske de Vries ûntkent dat lykwols.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)