Buorden oerstekkende otters

06 des 2011 - 16:47

Otters dy't dy de âlde Lemsterdyk by Munnikebuorren oerstekke, moatte kâns krije dat te oerlibjen. Dat fynt Roel Vriesema fan Steatsboskbehear. It ôfrûne wykein is wer in otter deariden en dat wie net de earste. Yn dit gefal gong it om in folwoeksen wyfke. Oars binne faker mantsjes it slachtoffer omdat dy mear omswalkje.

Sûnt de yntroduksje yn natuergebiet de Rottige Meenthe binne der al seis otters deariden. Steatsboskbehear wol mei de gemeente sjen oft it mooglik is om it ferkear mei buorden te warskôgjen foar oerstekkende otters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)