Maatregels Sinteklaasyntocht

© Omrop Fryslân
It komitee dat de yntocht fan Sinteklaas yn Surhústerfean organisearret, nimt mooglik maatregels om ynsidinten lykas sneon foar te kommen. In 21-jierrige bestjoerder út De Harkema ried mei kûgelsfeart oer De Kolk en mishannele in frijwilliger dy't him oanspruts op syn rydgedrach.
Mooglik wurdt De Kolk tenei ôfsletten foar auto's of wurdt Sinteklaas op in oar plak ynhelle. Minsken mei bern moasten oan de kant springe foar de hurdrider. De ferwûne man wurke as frijwilliger om de yntocht yn goede banen te lieden. Hy hâlde oan de mishanneling kniesde fingers en in skuord ear oer.