'Direkteur ynkrimp' Sionsberg

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum stelt foar de reorganisaasje Haijo Homan oan. Hy wurdt yn 2012 'directeur verandermanagement'. Homan komt fan Skiermûntseach en hat sadwaande neffens it sikehûs bining mei de regio.
Oant healwei 2012 wurket Homan noch foar it Onze Lieve Vrouwe Gasthuis yn Amsterdam. Homan sil neist direkteur Christiaan Krappel wurkje. Dy bliuwt ferantwurdlik foar de deistige gong fan saken. Sikehûs De Sionsberg sil in pear ôfdielings slute, ûnder oare de earste help.