Keatsers gean foar 4 kear goud

13 aug 2012 - 21:33

De Fryske ploech foar it WK keatsen moat yn eigen lân op syn minst fjouwer gouden medaljes winne. Dat is de doelstelling fan bûnscoach Pieter Tienstra. Moandeitejûn binne de ploegen dy't meidogge presintearre.

It wrâldkampioenskip begjint oer fjirtjin dagen en wurdt hâlden yn Frjentsjer, Winsum en Easterein. Achttjin lannen dogge mei. Der sil ûnder oare it Frysk spul keatst wurde, muorrekeatsen en Llargues. Yn de lêstneamde keatsfariant wie Nederlân al ris wrâldkampioen.

Trefwurden: 
WK goud keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)