Jong It Fean begjint mei winst

13 aug 2012 - 21:32

Jong Hearrenfean is it seizoen begûn mei in 2-1 oerwinning by Jong PEC Zwolle. Dy stân wie by it skoft al berikt. De thúsploech kaam binnen tsien minuten op 1-0. Mark Uth soarge út in strafskop foar de lykmakker en Luciano Slagveer sette mei in knappe aksje Hearrrenfean op foarsprong. Yn de twadde helte stiene peal en latte súkses foar Zwolle yn 'e wei.

De kompetysje is dit seizoen folslein feroare. Der wurdt earst yn trije pûls mei acht ploegen in heale kompetysje spile. De boppeste fjouwer ploegen komme (totaal tolve) yn de earedivyzje.

Jong Hearrenfean sit yn pûl A mei de beloften fan AZ, Ajax, FC Grins, NEC/FC Oss, FC Volendam, PEC Zwolle en De Graafschap.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)