Popfestivals kinne duorsumer

06 des 2011 - 14:46

De provinsje is op syk nei jongeren dy't meitinke wolle oer in duorsume takomst fan Fryslân. De jongeren wurdt bygelyks frege hoe't de Snitswike of in popfestival duorsumer makke wurde kin of hoe't elektrysk riden fierder stimulearre wurde kin.

It giet om jongeren fan 15 oant 22 jier. Se wurde begelaat troch de Fryske Miljeu Federaasje. It is de bedoeling dat de jongeren in panel foarmje dat geregeld advys jout oan deputearre en provinsjale steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)