Fiskerijfûns hat noch 4 ton

13 aug 2012 - 21:18

Der is noch 400.000 euro beskikber oan subsydzje foar Fryske fiskerijmienskippen. Der is sûnt 2010 al 1,1 miljoen euro oan jild ferparte oan projekten. It giet om jild út it Europeesk fiskerijfûns en om provinsjaal jild.

Sa is der jild útjûn om skoalbern foarljochtsje te litten troch Iselmarfiskers yn gearwurking mei natoerorganisaasjes yn tiden wêryn't de fiskers net fiskje meie. Der leit ek in idee op tafel om in fiskerijpaad te meitsjen by de hiele Waadkust del.

Trefwurden: 
fiskje fiskerijfûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)