Olympyske sporters wer thús

13 aug 2012 - 20:12

De Nederlânske Olympyske sporters binne moandeitemiddei oankommen op it stasjon yn Den Bosch. Mei in spesjale trein reizgen se fan Londen fia Brussel nei de Brabânske haadstêd. De sporters waarden feestlik ûntfongen troch sa'n 12.000 minsken.

Grutte belangstelling wie der ûnder oaren foar turner Epke Zonderland. Sporters dy't al earder nei hûs gien wiene, moasten harren ek melde yn Den Bosch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)