Seadden stekke foar seaddehûs

Yn it Noarderleech is in begjin makke mei it stekken fan alvetûzen seadden. Dy binne nedich foar de bou fan in replika fan in seaddehûs út de achtste ieu. Ut opgravingen is ûngefear bekend hoe't de huzen der op de terpen yn Fryslân 700 nei Kristus útsjoen hawwe. It seaddehûs wurdt 4,5 meter breed en 15 meter lang. It moat in nije attraksje wurde foar it archeologysk stipepunt dêr.
As alle seadden út de grûn helle binne, moatte se earst in oantal wiken droegje. Dan pas kin begûn wurde mei de bou fan it seaddehûs.
De organisaasje is noch op syk nei frijwilligers om mei te helpen it seaddehûs te bouwen. Mear ynformaasje is te finen op www.zodenhuis.nl