Fytstocht tsjin kanker

13 aug 2012 - 17:04

Jongeren dy't kanker hân ha fytse hjoed troch ús provinsje. De 25 jongeren dogge dat om omtinken te freegjen foar de Vereniging Ouders Kinderen en Kanker en om jild op te heljen. De fytsers binne fan 'e moarn úteinset yn Drachten en binne fan 'e middei de Ofslútdyk oerstutsen. De jongeren fytse de tocht mei har broers en susters om sjen te litten dat der libben is nei bernekanker.

Twa fan de dielnimmers komme út Ljouwert, it binne de susters Renate en Josefine Ruijgh. Renate hat as 14-jierrich famke kanker krigen yn 'e knibbel. Har skonk is amputeard. Dat is no tsien jier lyn. Renate docht mei om sjen te litten dat it no goed mei har giet en dat in soad bern mei kanker de sykte oerwinne kinne.

Trefwurden: 
Ofslútdyk kanker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)