Van der Kooij wint op Starum

13 aug 2012 - 15:49

Debutant Kees van der Kooij wint de twadde IFKS-silerij op Starum. Twadde waard Jelle Talsma. It skûtsje fan skipper Geale Tadema waard tredde. Krekt nei de start, dy’t goed gie foar Jelle Talsma, wie der in jacht dat foar in gefaarlike situaasje soarge. De skipper fan it jacht koe in oanfarring krekt foarkomme.

Nei de earste tonne naam de Zeldenrust fan Van der Kooij de lieding. It slagge Jelle Talsma yn ferskate duels net om de kopposysje te pakken. Tony Brundel, dy’t sneon op Hylpen wûn, kaam let op gong. Hy waard úteinlik njoggende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)