Dorifelvirus ek yn Fryslân

13 aug 2012 - 14:48

By it mienskiplik automatisearringsbedriuw ISZF fan Súdwest-Fryslân, Littenseradiel, Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat en Harns is it gefaarlike Dorifelkompjûterfirus opdûkt. Dat firus is sûnt ferline wike tiisdei aktyf. Doe waard yn hiel Nederlân grut alarm slein.

By it ISZF binne fuortendaliks maatregels naam. Alle firussoftware is sa goed mooglik bywurke en yn it wykein binne ekstra kontrôles dien. Ferantwurdlik ISZF-bestjoerder Leo Pieter Stoel is ferline wike op syn fakânsjeadres op 'e hichte brocht fan de seis besmettingsgefallen.

By it Nasjonaal Cyber Security Sintrum binne sûnt freed gjin nije besmettings mear oanmeld.

Trefwurden: 
kompjûter Dorifel virus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)