Boatsje fart tsjin Iebrêge

13 aug 2012 - 14:28

Ferkear yn de buert fan de Iebrêge yn Ljouwert hat moandeitemiddei in heal oere stilstien. In boatsje wie dêrfoar tsjin de brêge oan fearn. Dêrnei skeakele de brêgewachter in needstop yn. De brêge koe dêrom net mear omdel. In monteur moast de brêge wer op gong bringe.

De brêge hie gjin skea troch de oanfarring. It boatsje hie lichte skea.

Trefwurden: 
Iebrêge boatsje needstop
(advertinsje)