Needwaar by WK silen

06 des 2011 - 13:59

De twadde dei fan it wrâldkampioenskip sile yn it Australyske Perth is letterlik yn it wetter fallen. Hurde wyn en ûnwaar soarge derfoar dat der net syld wurde koe yn de Olympyske klassen. Dat betsjut in ferplichte rêstdei foar ûnder oare Marit Bouwmeester fan Warten en Pieter-Jan Postma.

Yn de Laser Radial klasse stiet Bouwmeester nei twa races op it tredde plak. Pieter-Jan Postma hie in drege start yn de Finn klasse. Yn de earste race einige er teloarstellend as tweintichste, mar de tsjintwurdich yn Ljouwert wenachtige Postma naam revânsje troch de twadde race te winnen.

Trefwurden: 
silen Marit Bouwmeester
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)