Daliks boete docht fertuten

13 aug 2012 - 12:38
  • Daliks boete docht fertuten
  • Boargemaster Visser fan Skylge

De nije wize fan boetes jaan docht fertuten yn de Snitswike en op de Waadeilannen. Der is no folle minder oerlêst. Wa't oer de skreef giet, krijt fuortendaliks in boete. Op pisjen yn it iepenbier stiet 120 euro en op fernielings 220 oant 300 euro boete.

Op Skylge is de nije wurkwize dit jier foar it earst. Boargemaster Visser fan it eilân is tefreden oer de nije metoade.

Trefwurden: 
Skylge Waadeilannen Snitswike
(advertinsje)