Turners helje Epke op

13 aug 2012 - 12:28

In bus fol mei Epke Zonderland-fans is moandei fan It Hearrenfean ôfset nei Den Bosch om de Fryske turner op te heljen. Epke komt mei syn gouden medalje werom fan de Olympiade yn Londen. Hy wurdt mei de oare Olympyske sporters yn Den Bosch ûntfongen en huldige. Yn de Fryske bus sitte leden fan de turnskoalle fan It Fean. Sy binne net allinnich grutsk op Epke, mar ek op Céline van Gerner dy't tolfde op de mearkamp waard yn Londen.

Epke wurdt tongersdei huldige op It Hearrenfean en freed op 'e Lemmer dêr't er weikomt.

De Friezen wiene net de iennigen dy't moandei nei Den Bosch ta reizgen. Der wiene 12.000 taskôgers op de huldiging ôfkaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)