Fryslân ferdwynt by D66

13 aug 2012 - 11:41

D66 wol in miljard besunigje troch provinsjes gearfoegje te litten. Noard-Hollân, Súd-Hollân en Flevolân wurde as it oan D66 leit ien provinsje en Fryslân, Grinslân en Drinte ek. D66 die dat foarstel, dat op himsels net nij is, it ôfrûne wykein by de start fan de kampanje.

D66-steatelid Marieke van der Ree is net entûsjast oer it stânpunt fan har partij. Noch sterker: D66-Fryslân is it der nei mei iens en wykt ôf fan it lanlike stânpunt fan de partij. Frou Van der Ree is net benaud dat it stânpunt har partij in soad stimmen kostje sil.

Neffens Van der Ree witte de kiezers yn Fryslân wol dat D66-Fryslân tsjin ien grut noardlik lânsdiel is. As it oan har leit, ferdwynt dit partijstânpunt nei de ferkiezings wer gau nei de achtergrûn. ,,Er zijn belangrijker zaken in het leven."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)