Amsterdammer slacht barkeeper

13 aug 2012 - 10:52

Yn de Vermeerstrjitte yn Ljouwert is sneintenacht in man fan 22 jier út Amsterdam oanhâlden, omdat er in barkeeper fan in kafee slein hie. Dat wie yn de Alde Doelestege yn de Fryske haadstêd.

De Amsterdammer draafde nei de klap hurd fuort, mar in tsjûge gong der efteroan. Hy koe de plysje in goed sinjalemint jaan. Yn de buert fan de Vermeerstrjitte koe de man oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
barkeeper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)