Slaanderij froulju en man

13 aug 2012 - 10:29

De plysje hat sneintejûn yn Ljouwert yngrypt by in rûzje tusken twa froulju en in man. In 18-jierrige en in 23-jierrige frou en in 24-jierrige man hiene rûzje krige yn de Sweelinckstrjitte. Der foelen hurde klappen, ûnder oare mei in izeren staaf. De 23-jierrige frou rekke ferwûne en moast nei it sikehûs.

Alle trije binne oanhâlden. Se hawwe oanjefte tsjininoar dien. De oarsaak fan de rjochterij leit yn 'e relasjonele sfear.

(advertinsje)