Marco Pappa nei SC Hearrenfean

13 aug 2012 - 09:55

Oanfaller Marco Pappa komt per 1 jannewaris 2013 foar 3,5 jier nei Sportklup Hearrenfean. De 24-jierrige internasjonal fan Guatamala spilet no yn de Amerikaanske kompetysje foar Chicago Fire. Hearrenfean hie de oanfaller graach per direkt oernimme wollen, mar dat woe de kluplieding fan Chicago Fire net. De rol fan Pappa is foar de klup sa wichtich dat er earst de kompetysje yn Amearika ôfmakket. Pappa spilet sûnt 2008 foar Chicago Fire en kaam 28 kear út foar de nasjonale A-seleksje fan syn heitelân.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)