Westra stapt ôf yn Eneco Tour

12 aug 2012 - 17:46

Hurdfytser Lieuwe Westra is snein ôfstapt yn de lêste etappe fan de Eneco Tour. Yn de ôfslutende keninginnerit fan it Belgyske Maldegem nei Geraardsbergen rekke Westra ûnderweis siik en moast er opjaan.

De winst yn Geraardsbergen wie foar de Italiaan Alessandro Ballan. De einoerwinning fan de 8e edysje fan de Eneco Tour waard in proai foar Lars Boom fan de Rabobank. Yn de slotetappe makke Boom de fjouwer sekonden efterstân op Kanadeeske klassemintslieder Svein Tuft goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)