Minne start foar Hearrenfean

12 aug 2012 - 16:30

SC Hearrenfean is it seizoen úteinset mei in teloarstellend 2-0 ferlies tsjin NEC. Yn it Abe Lenstrastadion kamen de gasten út Nijmegen nei in healoere spyljen op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Melvin Platje. Noch gjin 10 minuten letter kopte Pavel Cmovs de twadde Nijmeegse treffer binnen.

Nei it skoft krige de ploech fan Marco van Basten in pear lytse kânskes, mar fersomme de oanslutingstreffer te meitsjen. Ek NEC kaam net mear ta skoaren, wêrtroch't de earste kompetysjewedstriid foar SC Hearrenfean as in nachtkears útgong.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)