Amazône Van der Hauw wint FK

12 aug 2012 - 15:41

Amazône Linda van der Hauw is sneon yn Harich Frysk kampioen dressuer wurden yn de klasse ZZ Licht. De amazône fan LR Ruterwille helle mei har hynder Acapulco in skoare fan 68,75. Twadde waard Marjolein Noppert fan LR De Wâldruters. It tredde plak wie foar Karin Bootsma, ridend by de Raerderhimruters.

By it springen wie de titel yn de ZZ-klasse foar Jules de Bruijn. Mei syn hynder VDL Fakir pakte er de titel foar Folkert Kelderman, dy't twadde waard. It brûns wie foar Ernesto Canseco mei VDL Zippo, ek in hynder fan Van de Lageweg út Bears.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)