Jonge fernielers oppakt

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In Ljouwerter (17) is sneontenacht yn syn wenplak oppakt. Minsken bellen de plysje dat der persoanen op it dak fan de skoalle oan de Offenbachstrjitte wiene. Doe't de plysje kaam, naaiden twa mannen út. Ien koene se oanhâlde. Hy is nei it buro brocht. De reinpipen fan de skoalle wiene flink beskeadige.
Yn Bûtenpost is in Kollumer (18) oanhâlden. Hy hie in autobân en twa autospegels fernield.