Mishannelings by it útgean

Yn Drachten hat de plysje op de Noordkade twa kear in fertochte oanhâlden foar mishanneling. In man (21) út Droegeham soe in man (23) slein ha en in Drachtster (17) wie slein troch in 18-jierrige plakgenoat. By beide mishannelingen wie de oarsaak net dúdlik.
Yn Ljouwert hat de plysje oan it Ruterskertier in frou (18) út de stêd oanhâlden. Se wurdt derfan fertocht in plakgenoate (19) mei in glês yn it gesicht ferwûne te hawwen. De fertochte hie ek in mes by har.