Dûane treft Frânske dieven
De plysje hat sneon by Breesândyk in man (41) en in frou (30) meinaam op fertinking fan stellerij. Se wiene oanhâlden troch de dûane yn har auto mei in Frâns kenteken. Yn de auto leine fjouwer tassen mei kosmetikaguod. De man moast ek noch in selstraf fan 50 dagen útsitte.