Vos komt nei Surhústerfean
Wrâldkampioene fjildriden Marianne Vos komt op 20 desimber nei Surhústerfean. Vos is ien fan de dielnimmers oan de Sintrumkros.
Vos wûn twa jier lyn de wedstriid yn Surhústerfean. Se krijt pittige konkurrinsje fan de Dútse Hanka Kupfernagel en de Nederlânske toppers Daphny van den Brand en Sanne van Paassen. Earder waard al bekend dat âld-wrâldkampioen Lars Boom by de manlju meidocht.