Konifearehage yn brân stutsen

11 aug 2012 - 13:03

De plysje docht ûndersyk nei in konifearebrân yn Damwâld. De 15 meter lange hage gie freedtenacht yn flammen op. De bewenster (78) fan de wenning by de hage hearde krekt nei middernacht dat der meardere kearen op de bel drukt waard. Ek wie ien op de ruten oan it slaan. Dêrnei seach de frou dat de hage yn brân stie. De brânwacht koe de brân útmeitsje.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)