Disel út frachtweinen stellen

11 aug 2012 - 12:42

De plysje docht ûndersyk nei stellerij fan disel. It giet om sa'n 100 liter brânstof dy't tusken tongersdeitejûn en freedtenacht 3 oere meinaam is út twa frachtweinen. De frachtauto's stiene parkeard op in bedriuweterrein oan de Koopman Heereswei yn Boalsert.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)