Konsert foar jild CliniClowns

11 aug 2012 - 12:40

De Buitenplaats yn Earnewâld hâldt sneontejûn in benefytkonsert foar de CliniClowns. Dy klowns moatte plak krije by it sealesintrum. Sike bern hoege dan net hielendal nei in moetingsplak yn Amersfoart om de klowns te moetsjen. Der moat ek plak komme foar in webcamsysteem sadat bern ek yn it sikehûs kontakt ha kinne mei in klown. De band ABBA Gold Europe út Ingelân sil op it benefytkonsert spylje om sa jild yn te sammeljen. Mei in ferskaat oan aksjes hopet De Buitenplaats 75.000 euro binnen te heljen.

Trefwurden: 
Earnewâld CliniClowns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)