Enerzjy helje troch te boarjen

11 aug 2012 - 12:09

It Amsterdamske bedriuw Transmark Renewable wol yn Fryslân fjouwer kilometer djip boarje foar ûndersyk. It bedriuw hat hjirfoar in fersyk yntsjinne by it Ryk. Op dizze djipte moat it sa hyt wêze dat der elektrisiteit opwekt wurde kin. It geotermyske ûndersyk duorret sa'n 3 jier en dan moat bliken dwaan oft it in rendabele wize fan enerzjy-opwekken is. At it projekt slagget, soe it neffens Transmark Renewable in nije boarne foar skjinne enerzjy wêze foar Nederlân en Europa.

Trefwurden: 
enerzjy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)