'Tennet moat dúdlikheid jaan'

Netbehearder Tennet moat earder dúdlikheid jaan oer de oankeap fan wenningen dy't tichtby de nije heechspanningsferbining stean. Dwers troch Fryslân komt in nije heechspanningslieding en dy rint op guon plakken deun by hûzen en pleatsen del. De netbehearder stjoert dy eigeners in brief en biedt oan om de wenning te keapjen. Yn guon gefallen hat al ien west om oer in mooglike opkeap te praten. It advysburo Overwater dat eigeners bystiet, fynt dat de proseduere te rap giet.
Faak duorret it wol in jier foardat de úteinlike ûnderhanneling plakfynt. De eigener sit dan te lang yn spanning. Yn novimber binne de earste foarljochtingsbyienkomsten oer de bou fan de heechspanningsferbining yn Fryslân.