Ferwûnen by botsing

10 aug 2012 - 18:15

Op de Werpsterwei by Baaium binne freed oan de ein fan de middei twa auto's tsjinelkoar botst. By it ûngelok binne trije minsken ferwûne rekke. Ien auto rekke foar in part yn de sleat neist de dyk.

Alle trije ferwûnen binne troch de brânwacht út de auto's helle. Ien fan de ynsitters wie swier ferwûne en is mei de traumahelikopter ophelle. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net bekend. De dyk is ôfsletten.

Trefwurden: 
ûngelok sleat botsing Baaium
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)