Snits wint ek lêste wedstriid

10 aug 2012 - 16:22

De Sneker Pan gie freed ek yn de lêste wedstriid as earste oer de einstreek. Twadde waard De Jouwer, tredde Grou. Hjirtroch naam Grou it twadde plak yn it klassemint oer fan Boalsert. Snits waard tongersdei al kampioen.

De wedstriid hie te lijen fan te min wyn. De start waard dêrom útsteld. Snits gie nei in minne start yn 'e twadde ronde fan it achtste nei it earste plak. Snits wurdt sneontemiddei huldige yn de wetterpoartestêd.

 
De útslach fan de lêste wedstriid:
1. Douwe Visser Jzn., Snits, 0.9
2. Dirk Jan Reijenga, De Jouwer, 2
3. Douwe Azn Visser, Grou, 3
4. Albert Visser Jzn., Drachten, 4
5. Johannes Meeter, De Lemmer, 5
6. Auke de Groot, Starum, 6
7. Gerhard Pietersma, Earnewâld, 7
8. Pieter Eldertszn. Meeter, Boalsert, 8
9. Pieter Sietseszn. Brouwer, It Hearrenfean, 9
10. Jaap Zwaga, Langwar, 10
11. Berend Mink, Drachten, 11
12. Jappie Meeter, Ljouwert, 12
13. Ype van der Meulen, Wâldsein, 13
14. Lodewijk Hzn Meeter, Huzum 14

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)