Toarnbeifestival yn Hurdegaryp

10 aug 2012 - 12:50

Mear minsken en bern moatte wer te toarnbeisykjen. Dat fynt in groepke toarnbeifans út de Wâlden. Sy fine dat de toarnbei yn it ferjit rekke is en dêr moat feroaring yn komme. Dêrom organisearje se in toarnbeifestival, dat nije wike sneon plakfynt.

Freed wie der alfêst in foarpriuwke fan it festival yn Hurdegaryp. De earste toarnbeien út de Wâlden waarden oanbean oan sjongeres Elske DeWall oanbean. Neffens toarnbei-ûndersikers komme yn de Fryske Wâlden wol 25 toarnbeisoarten foar.

De organisaasje fan it festival neamt de beien gjin 'toarnbeien' mar 'brommels', de âldste Fryske beneaming fan de toarnbei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)