Bôle wurdt djoerder

In bôle yn 'e supermerk of by de bakker wurdt djoerder. Dat seit bakker Piet Lenes fan It Hearrenfean. Troch minne nôtopbringsten yn Amearika giet de moalpriis omheech. In bôle kin wol oant 20 sint mear djoerder wurde. Neffens Lenes komt dat troch spekulaasje op it graan.
Lenes ferhege ôfrûne april syn prizen noch mei yn trochsneed trije sint. Hy tinkt net dat er oan in nije ferheging ûntkomme kin. Dat komt net allinnich troch it moal mar ek troch hegere leankosten.